File op A7 nei kop-sturtbotsing

21 jan 2020 - 08:22

In kop-sturtbotsing hat tiisdeitemoarn foar in file soarge op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean.

Foto: ProNews

De oanriding wie om kertier foar achten hinne, by Lúkswâld. Al gau nei it ûngelok stie der in file fan sa'n fiif kilometer mei in fertraging fan mear as in heal oere.

De plysje hat de linker rydstrook ôfset. Foar safier bekend rekke nimmen by it ûngelok ferwûne. It is ek net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
ûngelok A7
(advertinsje)
(advertinsje)