Kollum: "Foarum & de Fryske Flagge"

21 jan 2020 - 08:20

"Mear as in rimpeling yn in hiele grutte fiver wie it net. Dochs feroarsake dat rimpeljen it klotsen fan wetter oan de oare kant fan dy fiver. Ik haw it oer de moasje dy't it FvD yntsjinje wol oer it ophingjen fan de Nederlânske flagge yn de Fryske steateseal. Albert van Dijk fan dy klup stelt dat de nasjonale trijekleur it algemien belang symbolisearret.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

No kin it oan my lizze, mar ik haw altyd miend dat it algemien belang yn De Haach regele waard. Yn de Twadde Keamer. Dêr't, op oanstean fan de PVV en de SGP, sûnt 2018 in Nederlânske flagge stiet. De politisy soene oars ris tinke kinne dat se yn it parlemint fan Fokmenië of Wêrbinikstan sieten. Afijn, de Steaten-Generaal foar it algemien belang, de Provinsjale Steaten foar it provinsjaal belang.

Dy status-quo fan it moderne Nederlân is it gefolch fan ûntjouwingen út it nasjonaal ferline. Om dy ûntjouwingen sichtber te meitsjen, in rjochtlik plak te jaan, soest provinsjale flaggen yn de Provinsjale Steaten ferwachtsje. Yn de Fryske steateseal is dat net it gefal. Dêr stean bylden fan de 'drie deugden' boppe de stoel fan de kommissaris fan de Kening, mei namme Foarsichtichheid, Rjochtfeardigens en Krêft. Ek moai. Want de heitelânsleafde fan de measte Friezen is in deugd. Dy inerlike wearde is leafde foar de publike saak, foar de taal, foar de rykdom fan kultureel ferskaat.

Dat stiet heaksk op de saneamde 'vaderlandsliefde' fan partijen as FvD en PVV. By harren is net sprake fan deugd, mar fan sentimint. In gefoel dat ta nasjonaal egoïsme liede kin, en sa ek brûkt wurdt troch Wilders en Baudet.

Werom nei de Nederlânske flagge dy't neffens Van Dijk yn de Fryske steateseal hingje moat. It is op syn minst opfallend te neamen dat it FvD, dat seit foar yndividualiteit te stean, foar frijheid en selsbeskikking, de nasjonale identiteit oan de provinsje optwinge wol. It hat derfan dat se sels docht wat se bygelyks de EU ferwyt. Want earder al seurde it Foarum dat it net korrekt is dat Omrop Fryslân it Frysk brûkt. Sa't it ek eamele oer it brûken fan it Frysk yn it iepenbier ferfier. Alles dat ek mar in bytsje mei de Fryske identiteit te meitsjen hat, moat ferdwine neffens it Foarum. Harren 'vaderlandsliefde' is in sentimint, in nasjonalisme dat in minderheid as dy fan de Friezen net erkend.

As ek mar eat symboalysk is oan sokke aksjes, dan is it dy folslein efterhelle wize fan polityk bedriuwen, sa typearjend foar populistyske partijen. Ik rekkenje dan ek op de 'trije deugden' as de moasje fan FvD yntsjinne wurdt. Dat dy moasje rjochtfeardich, foarsichtich, mar wol mei krêft ferskuord wurdt."

(advertinsje)
(advertinsje)