Noardeast-Fryslân jildt as Europeesk foarbyld

21 jan 2020 - 07:46

Noardeast-Fryslân is ien fan de fiif Europeeske foarbyld regio's foar sirkulêre ekonomy. It projekt Fjildlab moat in ynspiraasje wêze foar de rest fan de EU.

Foto: Omrop Fryslân

Fjildlab is in inisjatyf wêrby't boeren, bedriuwen, oerheden en ynstellingen mei-inoar gearwurkje om de eigen regio sirkulêr te meitsjen. Se wurkje bygelyks oan nije modellen om jild te fertsjinjen.

Njonken Noardeast-Fryslân wurdt der ek sjoen nei regio's yn Frankryk, Spanje, Roemenië en Tsjechië. Fertsjintwurdigers út dizze lannen komme yn febrewaris nei Fryslân om mei-inoar by Van Hall Larenstein te praten en te tinken oer in sirkulêre wrâld.

Harkje nei in petear mei Emiel Elferink, lector Duurzaam bodembeheer bij Van Hall Larenstein

Trefwurden: 
FjildLab Color Circle
(advertinsje)
(advertinsje)