Drege petearen Wetterskip oer oplossing foar feangreidegebiet

21 jan 2020 - 06:59

Oerenlang hawwe se der moandeitejûn oer praat: it feangreidegebiet yn Fryslân. Wetterskip Fryslân organisearre in jûn om mei belutsenen te praten oer it plan fan oanpak. Dat komt stadichoan tichterby, mar der is neffens Auke Wouda fan Water Natuurlijk noch wol in wei te gean.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Dat der wat barre moat yn it feangreidegebiet is wol dúdlik. Under oare troch de drûchte sakket de boaiem fan 70.000 bunder lân, en ferdwynt de Fryske feangrûn. Dêrnjonken wurdt troch de fersakking de útstjit fan CO2 heger. Troch it ferheegjen fan it wetterpeil moatte de negative gefolgen fan de drûchte oplost wurde, mar dat hat nochal wat gefolgen, benammen foar de lânbou.

Pine

Dochs leit de kaai foar de oplossing fan it probleem, neffens Wouda, ek by dyselde lânbou: "Je zult toe moeten naar natuur-inclusieve, grondgebonden, kringloop landbouw wil je dit probleem echt op kunnen lossen." Dit docht in soad minsken sear, en dat soarget derfoar dat de diskusje dreech is en lang duorret.

Der wurdt op dit stuit al wurke oan oplossingen, mar de fraach is neffens Wouda oft der op dit stuit al wol genôch bart om klear te wêzen foar de takomst op de lange termyn. "Dat aan de ene kant de CO2 uitstoot afneemt en dat het probleem van de stikstof wordt opgelost."

Konkrete stappen

Portefúljehâlder Jan van Weperen hat moandeitejûn al wol in tasizzing dien, om de partijen tichter byinoar te bringen. "Er komt in het najaar een echt uitvoeringsprogramma voor de komende tien jaar", fertelt Wouda. "En hierin komen concrete resultaten te staan die we in die tien jaar moeten bereiken." Dat binne dan de rjochtingoanwizers foar de takomst. "Je zult duidelijk moeten zijn dat we niet zo door kunnen gaan zoals we nu doen, en dat er ingrijpende veranderingen nodig zijn."

Woansdei sil de provinsje oer it fraachstik te set.

(advertinsje)
(advertinsje)