Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle gjin wyn- mar sinne-enerzjy

Ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle gjin wyn- mar sinne-enerzjy. Dat wie ien fan de útkomsten fan in enkête dêr't 460 ynwenners oan meidiene.
© Omrop Fryslân, René Koster
Sinne-enerzjy wie neffens sechstich persint fan de dielnimmers in goed idee, wylst wyn-enerzjy net mear as tritich persint skoarde. Op in enerzjyjûn yn it gemeentehûs fan Bûtenpost waarden moandei de resultaten bekend makke. Oan de enkête hie wol in wat selekte groep mei dien: njoggentich persint hie in eigen wenning, it grutste part wie âlder as sechstich jier en tweintich persint wie belutsen by in lokale enerzjykoöperaasje.

Rjochting jaan oan belied

Neffens wethâlder Andries Bouman fan Tytsjerkstradiel binne ditsoarte jûnen en enkêten bedoeld om rjochting te jaan oan it belied dêr't de gemeenten mei oan de slach moatte. De opdracht dy't der leit is om yn tweintich jier tiid sa'n 26.000 huzen yn beide gemeenten fan it gas te krijen.
Yn de enerzjytransysje moat de earste stap wêze: isolaasje fan de wenten. Mear as de helte fan de waarmtebesparring kin dêr al helle wurde. "Wat je niet verstookt, hoef je ook niet op te wekken", wie de nochtere konklúzje.
© Omrop Fryslân, René Koster
Der leit in grutte opjefte foar alle gemeenten, mar de gemeenten sjogge ek nei it ryk. "Neem alleen maar de financiering, de capaciteit van het net en de manier waarop mensen met een kleine beurs kunnen worden meegenomen", neamde wethâlder Bouman as foarbyld.

Ierdgasfrije projekten

Mar ek op lokaal nivo strûpe se mouwen graach op. Mei de proeftún 'Ierdgasfrij Garyp' wurdt al in soad ûnderfining opdien, dêr't ek oare doarpen wat oan hawwe kinne.
Jacob Miedema fan dat projekt fertelde dat der soad minsken ree binne om mei te dwaan. Dêr't foar 2019 rekkene wie op oanfragen foar tritich gasfrije wenten, wiene dat der al 58. Dat paste goed yn de ambysje fan beide gemeenten, of sa't wethâlder Bouman it neamde: "Voor gasvrije gemeenten zetten we het gas er op!"
Ferslachjouwer René Koster wie op de enerzjyjûn yn Bûtenpost