Auto fljocht út 'e bocht by Appelskea en rekket swier skansearre

20 jan 2020 - 22:04

Op de Lycklamavaart by Appelskea is moandeitejûn in auto hurd út de bocht flein. De automobilist ried yn de rjochting fan Smilde doe't hy yn in bocht de macht oer it stjoer kwytrekke.

Foto: De Vries Media

De auto bedarre yn 'e berm en rekke in auto. De bestjoerder soe mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht wêze. De auto is swier skansearre rekke.

De plysje hat it ûngelok ôfhannele. In bergingsbedriuw hat de auto burgen.

Trefwurden: 
ûngelok auto Appelskea
(advertinsje)
(advertinsje)