Trailer mei auto skeat los op Wâldwei by De Pein

20 jan 2020 - 21:45

By De Pein is moandeitejûn in trailer mei dêr boppe-op in auto lossketten fan de auto dy't it spul lûke moast. Dêrtroch kaam de trailer midden op de Wâldwei telâne.

Foto: De Vries Media

Rykswettersteat hat dêrnei ien rydstripe ôfsletten, fan Drachten ôf yn de rjochting fan Ljouwert. Sa koe de trailer wer fan de dyk helle wurde. Der is net ien ferwûne rekke en de auto sels koe noch gewoan fierder ride.

Trefwurden: 
auto Wâldwei De Pein trailer
(advertinsje)
(advertinsje)