"Provinsje moat ynsette op behâld fan it karbidsjitten"

21 jan 2020 - 07:37

De provinsje moat ynsette op it behâld fan de tradysje fan it karbidsjitten yn Fryslân. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA.

De provinsje soe it karbidsjitten ûnder de oandacht bringe moatte fan de Twadde Keamer, sadat it net ûnder de nije fjoerwurkregels komt te fallen. It kabinet wol it ôfstekken fan knalfjoerwurk ferbiede.

Op dit stuit wurdt der noch net praat oer it karbidsjitten, mar neffens CDA Steatelid Johan Tjalsma is it wol wichtich om it dêr no al oer te hawwen: "Dalik krije wy ien of oare wetjouwing dy't wy weromdraaie moatte, en dat is dreger as dat wy no pro-aktyf wat regelje."

Karbidsjitte yn Ousterhaule oan de Heerewei - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens it CDA binne der lûden dat it karbidsjitten dêr ek ûnder komt te fallen. It soe de ein betsjutte fan in tradysje dy't al hûndert jier âld is. It bart op 250 plakken yn Fryslân en dat giet allegearre goed en ferantwurde, seit it CDA.

Trefwurden: 
CDA karbidsjitte
(advertinsje)
(advertinsje)