Europeesk kampioenskip shorttrack is 'Wedstriid fan de Wike'

20 jan 2020 - 19:23

Suzanne Schulting wûn ferline jier de Europeeske titel en heart no wer by de topfavoriten foar it EK shorttrack. Dat begjint freed yn it Hongaarske Debrecen en duorret oant en mei snein. Njonken Schulting ride ek Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma yndividueel. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Op de relay sille der noch mear Friezen yn aksje komme. "By de froulju yn elts gefal Rianne de Vries", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "En by de manlju warskynlik ek Dennis Visser én miskien Sven Roes, de farske Nederlânsk kampioen." Foar Schulting leit de klam op de koartere ôfstannen. Ferline jier waard se fjirde op de 500 meter en krige se in penalty op de 1000 meter, dus is se no nóch fanatiker op dy beide ôfstannen.

Toernoai begjint freed

Freed begjint it toernoai mei de kwalifikaasjes. Sneon steane de 500 meter, de 1500 meter en de heale finales fan de relay op it programma. Snein binne de 1000 meter, superfinale en de finales fan de relay. Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en op de radio en online is alles live te folgjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)