Lokale sportakkoarten moatte mear minsken oan it sporten krije

20 jan 2020 - 18:01

Sport moat leuk en tagonklik wurde foar elkenien. Dat is it doel fan it saneamde Nasjonale Sportakkoart, dat stadichoan ek op lokaal nivo konkreet wurdt. Joan Boelens fan Drachten is belutsen by de trije noardlike provinsjes om ta lokale sportakkoarten te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Alle Fryske gemeenten hawwe al tasein mei te dwaan om dit fan 'e grûn te krijen. Dat betsjut dat op lokaal nivo gemeenten, sportklups en oare maatskiplike organisaasjes mei-inoar de ambysjes bepale foar harren lokale sportakkoart. Dat moat yn alle gefallen in aksjeplan wêze om mear minsken mei wille oan it sporten te krijen. De oprop is dan ek: "Bliuw gjin supporter, mar wurd spiler!"

Joan Boelens yn petear mei ferslachjouwer René Koster

Sportklups dy't meidogge hawwe dêr ek foardiel fan, want se krije in direkte ynfloed op it belied en profesjonele stipe. Yn de aksjeplannen sil ek omtinken wêze foar it berikken fan spesjale doelgroepen lykas âlderen, minsken mei in beheining en minsken út wiken dêr't minder as gemiddeld sport wurdt.

Jaloerske blik nei Fryslân

Neffens Boelens wurdt lanlik mei in jaloerske blik nei Fryslân sjoen, om't it hjir mei de lokale akkoarten folle flotter rint as op oare plakken yn Nederlân. Boelens tinkt dat mooglik it Fryske mienskipsgefoel dêr wat mei te krijen hat. Begjin april moatte de lokale plannen klear wêze.

Mear ynformaasje is te finen op www.allesissport.nl of by de ôfdieling sportsaken fan de eigen gemeente.

Ferslachjouwer René Koster en Joan Boelens

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
sport akkoart Joan Boelens
(advertinsje)
(advertinsje)