UPDATE: Steuring by Bûtenpost troch brek yn glêsfezelkabel stadichoan oplost

Al sûnt de ein fan de moarn hie Kabelnoord te krijen mei in steuring om Bûtenpost hinne: ynternet, telefoan en telefyzje diene it net mear. Neffens Kabelnoord kaam dit troch in brek yn de kabel fan it glêsfezelnetwurk. De provider lit witte dat der wer ferbiningen ta stân brocht wurde en dat de ferwachting is dat de steuring foar de ein fan de dei wer oer wêze moat.
Glêsfezel © ANP
It bedriuw sei dat der graaf- en laskploegen nedich wiene. It gie om de doarpen Bûtenpost, Surhuzum, Twizelerheide, Gerkeskleaster en Koatstertille. Kabelnoord jout oan dat it wêze kin dat guon apparaten op 'e nij opstart wurde moatte.