Sportcast: "De fuotbalwrâld sil in echte leafhawwer misse"

20 jan 2020 - 17:13

It ferstjerren fan Chris de Wagt hâldt ús ferslachjouwers yn de Sportcast ek dwaande. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, mar foaral ek oer âld-fuotballer en trainer Chris de Wagt. "It wie in leave, sosjale man, mei in grutte leafde foar fuotbal", sa seit Roelof de Vries. Geert van Tuinen: "Je witte dat it einich wie, mar as je it nijs dan hearre, krije je dochs in slach foar de harsens."

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

De Sportcast begjint dit kear mei it nijs oer de dea fan Chris de Wagt. Van Tuinen makke De Wagt mei by Cambuur. "Hy hat dochs moai goed hûndert wedstriden spile foar Cambuur. In deeglike sintrale ferdigener. Hy leit altyd goed by syn kollega's en wie ferneamd by Cambuur."

De Vries makke De Wagt letter by ONS Snits en Hearrenfean mei. "Ik ha him dochs foaral kennen leard as in sosjale man, mei in enoarme leafde foar de sport en foaral foar it fak as trainer. Dat hy sels wylst hy siik wie graach nei Hearrenfean woe, seit wol wat oer syn passy foar it fuotbal." Chris de Wagt is 34 jier wurden.

Betelle fuotbal

Krekt as yn it echte libben meitsje ek wy de hurde 'switch' nei it betelle fuotbal. Hearrenfean ferlear mei 3-1 fan Feyenoord. "Bêst goed fuotbalje, mar dochs 3-0 efter stean." It is de konklúzje dy't Roelof de Vries lûkt oer de earste helte fan Sportklup Hearrenfean tsjin Feyenoord. Hearrenfean ferlear de wedstriid yn De Kuip mei 3-1. "It is hast absurd, mar se spilen de earste helte miskien wol better as Feyenoord." Mar benammen ferdigenjend wie it min. "Je meie yn dit gefal de ferdigeners wol wat kwea ôfnimme. Se stiene gewoan net goed. Foaral Van Rhijn gong twa kear de fout yn."

Cambuur ferlear foar de twadde kear op rige. Dit kear mei 3-2 fan TOP Oss. Van Tuinen: "Mar it wie ûnfoarstelber dat de bal der net yn woe. Mühren hat it efkes net. Dêr baalde hy sels ek enoarm fan." Cambuur sjocht syn foarsprong fan acht punten weromrinnen nei twa punten. "Gjin soargen, want Cambuur wie folle better as TOP Oss. Mar it sit no efkes tsjin en it wurdt noch in spannende einfaze."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)