Duinen Zathe Appelskea op 'e nij 'leukste uitje' fan Fryslân

20 jan 2020 - 16:57

It attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea is troch ANWB-leden op 'e nij ferkeazen ta 'Leukste uitje van Friesland'. Ofrûne jier krige it park ek al de gouden award. It twadde en tredde plak geane dit jier nei Puur Terschelling yn Easterein en AquaZoo Leeuwarden.

Duinen Zathe - Foto: Wikimedia Commons

Neffens de ANWB skoart Duinen Zathe goed op hast alle ûnderdielen. Dat binne bygelyks priis, kwaliteit, personiel, oanbod en fasiliteiten. Yn totaal binne der foar de lanlike ferkiezing goed 80.000 stimmen útbrocht.

(advertinsje)
(advertinsje)