FNP en 50PLUS wolle faasje mei oanpak fundearringen yn feangreide

20 jan 2020 - 16:41

De fraksjes fan FNP en 50PLUS yn Provinsjale Steaten wolle dat de provinsje him folle hurder ynset om de dupearren fan fundearringsskea en pealrot troch peilferleging fan grûnwetter te helpen. Dêrfoar komme de twa partijen tegearre mei in moasje yn de steategearkomste fan woansdei.

Hegewarren - Foto: Omrop Fryslân

Fan 'e wike wurde yn de Steaten besluten naam oer de oanpak fan it Fryske feangreidegebiet. De feroaring fan wetterpeilen hat net allinne ynfloed op de agraryske ûndernimmers dy't dêr buorkje, mar treft alle bewenners fan it feangebiet. In soad bewenners hawwe skea oan de fundearringen fan har huzen, mar der is noch hieltyd gjin goede regeling foar de besteande fundearringsskea, dy't ûnder mear troch pealrot ûntstiet, sa skriuwe FNP en 50Plus.

No't der yntusken lanlik ek nije ûntwikkelingen binne, mei in nij Ryksprogramma Oanpak Fundearringsproblematyk, wolle de twa partijen dat de provinsje him sterk makket foar de belangen fan de dupearren, bygelyks troch it fasilitearjen fan ûndersyk by dupearren of it iepenstellen fan in leechdrompelich provinsjaal fundearringsloket.

(advertinsje)
(advertinsje)