HEA! Earste autoshow yn Drachten in grut sukses

Op fersyk fan in soad stockcar-fans en standhâlders is der yn it Fries Congrescentrum yn Drachten in smûke, âlderwetske stockcarbeurs organisearre. Sa'n 30 stockcarferienings presentearren harsels. De beurs is bedoeld foar stockcar F1 en F2, Autospeedway, Autocross en Ovalracing. Neffens de organisaasje wie it in grut sukses mei in pear tûzen besikers. It wie in machtich moaie dei en der wurdt al tocht oan in ferfolch. De leafde foar de stockcar is grut.
HEA! De earste autoshow yn Drachten