Skuorre yn 'e jiske nei brân yn Easterwâlde

In skuorre achter in wente oan De Logten yn Easterwâlde is moandeitemiddei folslein útbaarnd. Foar't de brânwacht oanwêzich wie, wiene omstanners al drok dwaande om it fjoer út te meitsjen.
© De Vries Media
Doe't de brânwacht arrivearre, stie de skuorre lykwols al yn ljochte lôge en wie der gjin rêden mear oan. By de brân is in soad reek frijkaam. De brânwacht sil ûndersykje oft der ek asbest frijkaam is. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.