It stellen Gerben Rypma-tsjirkje is ynienen wer opdûkt yn Aldegea

20 jan 2020 - 15:52

It byldsje fan in tsjirk dat ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma yn Aldegea (SWF) stie en dat der ôfrûne wike weihelle is, is ynienen werom. Bestjoerslid Ida Feenstra wie nei it Brekkenpaad ta gien om in boerd op te hingjen om út te lizzen dat it keunstwurk ferdwûn wie. Mar doe't sy dêr kaam, stie de tsjirk wer op de sokkel.

Sa is it tsjirkje is werom fûn - Foto: Sicco Rypma

It byld is makke troch keunstner Hans Jouta. Yn oktober is it yn Aldegea delset foar de Gerben Rypma Stichting. It stiet dêr om't Gerben Rypma (1878-1963) der lang wenne hat.

It byldsje is no werom. Foarsitter Sicco Rypma leit út dat it keunstwurk aldergelokst net skansearre is. "Mar der sit wol wite útslach op, dy't ik net echt thúsbringe kin." Neffens Rypma soe it goed kinne dat it keunstwurk werom brocht is troch alle oandacht foar de dieverij. "Miskien waard it de dieder te hjit ûnder de fuotten."

Efkes op de foertafel

Rypma is yn elk gefal bliid dat de fûgel werom is. "Dat hawwe wy fuortendaliks fierd mei in bakje tee. Wy hawwe it tsjirkje der wol wer weihelle, dy komt no efkes ta rêst op in foertafel yn Blauhús." De foarsitter fan de stichting jout oan dat der neitocht wurde sil oft it byldsje better fêstset wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)