Klokken fan tsjerke Sleat nei grut ûnderhâld wer te hearren

De herfoarme tsjerke fan Sleat kin syn klokken wer liede. De hammer fan de lytse klok yn 'e toer miste al in skoft. De Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten soarge derfoar dat de klokke-ynstallaasje ris flink ûnder hannen nommen waard.
© Google Streetview
De klokken binne wer hielendal by de tiid nei in opknapbeurt. De tsjerke hat twa klokken. Fan ien dêrfan miste de bongel. Dy soe der neffens de ferhalen úthelle wêze troch ien, omdat it net langer ferantwurde wêze soe om de klok te lieden.

Werstelwurk

Doe't bliken die dat de lûdsynstallaasje fan de grutte klok mankeminten hie, waard besletten om beide klokynstallaasjes te werstellen. Der is in lûdsysteem om se hearre te litten, mar it kin ek mei in tou. Klokken liede mei de hân is ymmaterieel erfgoed en de stichting dy't eigener is fan de tsjerke wol dat stimulearje.