Baas van Morgen: bern binne in dei de baas

20 jan 2020 - 14:45

Foar in dei boargemaster fan Ljouwert wêze of de direkteur fan Arriva: 23 bern út de provinsje binne tongersdei foar in dei de baas. Net earder stelden safolle Nederlânske CEO's, direkteuren, politisy en haadredakteuren harren funksje beskikber oan bern út wiken mei sosjaalekonomyske efterstân as dit jier.

Foto: Lucas Kemper

Leafst 317 bazen dogge op 23 jannewaris mei oan JINC Baas van Morgen. Dêrfan komme 23 bern út Fryslân. Oan it projekt dogge ûnder oaren de direkteuren fan Arriva Nederland, MCS BV en VDL Bus Heerenveen, boargemaster Buma fan Ljouwert en fleanbasiskommandant Henk Doorten mei. Ek haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân stiet foar ien dei har plak ôf oan in bern.

It projekt 'Baas van Morgen' wurdt organisearre troch JINC, in non-profitorganisaasje dy't striidt tsjin ûngelike kânsen ûnder jongerein. "In Leeuwarden zijn we hartstikke trots op al onze deelnemers. De bedrijven hebben uitdagende vraagstukken bedacht, en we merken dat de kinderen zin hebben om die op te lossen. Succes verzekerd dus voor het ontstaan van mooie ontmoetingen, het ontdekken van talenten en het opdoen van een waardevol contact voor later," fertelt Bianca Akkerma, fêstigingsmanager fan JINC Ljouwert.

Trefwurden: 
JINC Baas van Morgen
(advertinsje)
(advertinsje)