"It iennige dat wy letter wurde kinne, is útkearingtrekker" - Foaroardielen oer it praktykûnderwiis

20 jan 2020 - 14:00

Oer it praktykûnderwiis binne in soad foaroardielen. It soe in einstasjon wêze, in skoalle foar bern mei in learefterstân dy't gjin kâns meitsje op in diploma of wurk. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de rige 'Ik bin PRO' makke, om ris fierder te sjen as it stigma fan 'bern dy't min leare kinne sûnder takomstperspektyf'.

Peter Zeldenrust is direkteur fan de praktykskoalle yn Snits en wurdt folge yn IK BIN PRO. Hy fertelt oer hoe't bern ynelkoar stekke op syn skoalle. "It is ûnderwiis foar bern dy't net sa fan de boeken binne, mar wol fan it dwaan. Dy't graach mei de hannen oan de slach wolle en gearwurkje mei de minsken om harren hinne. Dêrom is de bân mei de minsken hiel wichtich."

Talitting

Sa'n 1300 Fryske jongerein folgje op dit stuit it praktykûnderwiis. Dat is in lytse prosint fan it totaal oantal bern dat nei skoalle giet yn Fryslân. Mar do komst net samar op dit ûnderwiis telâne. Dêr giet in aardige talittingsproseduere oan foarôf, seit ortopedagooch en âld-direkteur Henk Wesseling. "In bern moat in learefterstân fan trije jier ha en in 'beneden gemiddelde intelligentie'." It komt dêrom ek wol foar dat learlingen net talitten wurde.

'Leermoe'

As bern wol talitten wurde dan duorret de oplieding meastentiids seis jier. Alle bern krije in eigen ûntwikkelplan en gean fia staazjes hieltyd mear de praktyk yn. Mar it is net maklik, seit Zeldenrust, omdat de bern al in soad meimakke ha op harren âlde skoalle. "Der binne bern dy't hjir binnen komme wêrby't it learen op it basisûnderwiis dreech gong. Dizze bern binne hielendal klear mei learen. Se binne eins wat 'leermoe' en ha de stipe fan ús dêrom hurd nedich."

Negatyf selsbyld

De bern kinne net allinnich 'leermoe' wêze, mar hawwe faak ek in negatyf selsbyld. Wesseling: "Ik ha wolris in learling hân dêr't ik tsjin sei dat se goed har bêst dwaan moast, want dan koe se har diploma krije. Doe sei dat famke: 'Meneer, wij kunnen wel een diploma halen, maar niemand zit op ons te wachten'. Ik tocht doe, wat sit dat djip, dat bern dit sa fiele."

Hjir leit neffens Zeldenrust in grutte kâns foar de dosinten op de praktykskoallen. "It is wichtich om learlingen sjen te litten dat se miskien net goed binne yn rekkenjen, mar wol hiel goed in kast ynelkoar timmerje kinne of in heftruck bestjoere. Talinten ûntdekken, dêr giet it praktykûnderwiis ék oer."

Foto: Vanderschaaf Film

Ik bin PRO

Yn Fryslân gean sa'n 1300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it VMBO kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis besteane in soad foaroardielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân.

Fan moandei ôf jout Omrop Fryslân de hiele wike omtinken oan dit type ûnderwiis. It ferhaal fan de learling, âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer: it komt allegearre foarby.

(advertinsje)
(advertinsje)