Dief nimt waskmasine en stofsûger mei
It binne sa ien, twa, trije net de meast gongbere produkten dy't stellen wurde: in waskmasine en in stofsûger. Dochs koe in dief it guod net steanlitte. Yn de nacht fan sneon op snein naam er beide saken mei út in wenning yn Ljouwert.
De plysje siket tsjûgen fan de stellerij. Minsken kinne har melde fia 0900-8844.