"It Citrix-lek is eins in fytsbân dy't plakt wurde moat, mar dan in stik yngewikkelder"

20 jan 2020 - 12:25

In drokke dei foar ICT-behearders by Fryske gemeenten, sikehûzen en oare ynstellings dy't mei it softwareprogramma Citrix wurkje. Moandei komt der nammentlik in update beskikber, dy't it datalek fan foarige wike tichtsje moat. Mar hoe sit dat no eins mei Citrix en ús persoanlike gegevens: is alles aanst wer klear? Ferslachjouwer Hayo Bootsma: "It is eins in fytsbân, dy't plakt wurde moat. Mar dan in stik yngewikkelder."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wat der krekt barre sil. "Der liket no in oplossing te wêzen foar it lek yn de foarm fan in programma dat ynfierd wurde moat yn de servers. Mar sa maklik is dat noch net. Ik ha fan de gemeente Ljouwert begrepen dat meiwurkers pas nije wike moandei wer thús wurkje kinne."

Binne ús persoanlike gegevens yn dy tuskentiid wol feilich?

Bootsma: "Se sizze fan wol. Al ús basisynformaasje leit by de gemeente en se sizze dat it feilich is en dat hackers der net by kinne. Mar dit hiele lek is absolút gjin stoarm yn in glês wetter. Want wolst net witte wat der bart as dyn e-mail hackt wurdt. Dan leit dyn befeiligingssysteem plat. Dit is wol deeglik in grut probleem."

Wannear is alles klear?

Bootsma: "Ik tink dat in hiel soad gemeenten hiel hoeden binne mei it iepenstellen fan de systemen. Dat kin noch wolris in wike op him wachtsje litte. By sikehûs MCL jouwe se hjir hege prioriteit oan en besykje se it rapper te dwaan."

Foto: Omrop Fryslan

Gefolgen fan it datalek

Ferline wike waard bekend dat der in grut feilichheidslek siet yn de software fan Citrix. Foar sikehûs MCL wie it reden om fuortendaliks de hiele boel út de loft te heljen. Dat hat gefolgen foar minsken dy't online harren medyske gegevens opsykje wolle. It digitale pasjintedossier is net mear yn te sjen en it slagget net om digitale bylden tusken sikehûzen te ferstjoeren.

Citrix-files

Ek ferskate gemeenten brûke Citrix. Troch it datalek kinne amtners net mear thúswurkje en moatte se allegear nei kantoar ta. Moandeitemoarn waard der sels warskôge foar saneamde 'Citrix-files' op de dyk, om't minsken massaal nei harren wurk ride moasten yn stee fan thús te wurkjen.

Neffens it NCSC, it Nationaal Cyber Security Centrum, kinne organisaasjes dy't pas nei 9 jannewaris harren systemen oanpast hawwe, der fan útgean dat se oanfallen binne. Dy bedriuwen, of bedriuwen dy't noch neat oanpast hawwe, moatte de systemen ûndersykje litte.

Hayo Bootsma oer it datalek

Trefwurden: 
sikehûzen gemeenten Citrix
(advertinsje)
(advertinsje)