Apparteminten yn âld-notariskantoar Bûtenpost

Der komme apparteminten yn it eardere notariskantoar yn Bûtenpost. It gebou is kocht troch in pleatslik boubedriuw dat fjouwer apparteminten yn it kantoar realisearje sil.
âld-notariskantoar Bûtenpost © Atze van der Ploeg
Twa fan de apparteminten wurde sa makke dat se foar in hiel libben bestindich binne. Dat betsjut dat de bewenners deryn wenjen bliuwe kinne as harren libbensomstannichheden feroarje troch bygelyks sykte of âlderdom.
Yn it pân, dat oan de ein fan de njoggentjinde iuw as hearehûs boud waard, wie oant en mei 2009 in notarispraktyk fêstige. Nei de notarispraktyk siet der in bernesintrum yn it gebou.
Tichtby it âlde notariskantoar yn Bûtenpost komme noch mear apparteminten yn besteande gebouwen. It giet hjir om de ombou fan in earder hoarekakompleks en in winkelblok.