Minder wetterfûgels yn de stêd troch waarm winterwaar

20 jan 2020 - 11:36

Der binne 2574 fûgels teld by de Midwintertelling yn Ljouwert dit jier. Dat is in djiptepunt as wy sjogge nei de ôfrûne fiif jier. It waarme winterwaar is debet oan it lege oantal telde fûgels. Wannear't it waarm is, hoege fûgels net nei de stêd te lûken foar fretten en beskerming.

Op de Nijstêd kuieret in betize man razend foarby wylst in ploechje toeristen mei rolkoffers fan it hotel nei it treinstasjon rint. Dêr steane in man en in frou elk by in fyts troch kikers te koekeloeren nei fûgels; it binne Merel Zweemer en Jeroen Breidenbacht dy't as frijwilligers elke wetterfûgel telle dy't sy tsjinkomme.

Jeroen Breidenbacht en Merel Zweemer telle fûgels yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Nuvere keardel

Minsken ferwachtsje soks net altiten yn de stêd, seit Jeroen. "Zo lang hij niet de huiskamer in kijkt, zal 'ie wel wat anders aan het doen zijn, zie je sommige mensen denken." Yn de stêd Ljouwert is hiel lang net sa goed teld as yn it bûtengebiet, mar dizze wite flek op'e fûgeltelkaart wurdt no hieltiten better ynfolle. Dat is wichtich want as wetterrike stêd, binne der bêst noch wat fûgels te finen yn Ljouwert.

Twa mientsen - Foto: Marcel van Kammen / Waddenvereniging

Ofrûne wykein falt it tal fûgels dat teld wurdt in bytsje ôf. De oantallen einen, seemokken en merkels falle tsjin. Dat is neffens Merel Zweemer goed te ferklearjen: "Wanneer het hard vriest en de weilanden buitenom bevroren zijn, trekken veel meer vogels de stad in omdat het daar doorgaans wat warmer is. Met deze telling merk je gewoon dat we minder overwinterende vogels hebben in de stad."

Djiptepunt

Mar ek op de lange termyn is de trend net goed. Der binne 2574 fûgels teld en dat is in djiptepunt as wy sjogge nei de ôfrûne fiif jier. Foar de tellers sels is it waarme winterwaar wol hiel noflik. Sy hoege net oer izelige, glêde diken en paadsjes by de Ljouwerter fivers, kanalen en sleatten del.

Midwintertelling

De Midwintertelling wurdt yn Nederlân organisearre troch Sovon Vogelonderzoek en is de âldste fûgeltelling dy't der is. Net allinnich yn Nederlân wurdt der teld, mar ek yn oare lannen gean fûgeltellers omraak op paad.

(advertinsje)
(advertinsje)