Tûzenen Fryske bern nije wike thús troch ûnderwiisstaking

20 jan 2020 - 11:19

Tûzenen Fryske bern sitte nije wike tongersdei en freed thús troch de staking yn it ûnderwiis. Yn totaal slute mear as 100 Fryske skoallen twa dagen lang harren doarren om mei te dwaan oan de lanlike stakingsdagen. Dat binne der neffens ûnderwiisbûn AOb ûngefear like folle as by de foarige lanlike aksje yn novimber ferline jier. Doe kamen sa'n 7.000 leararen út hiel Noard-Nederlân nei it WTC yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Dit kear is der in sintrale aksje yn Grins. De leararen sille yn in optocht troch de stêd om omtinken te freegjen foar de tekoarten en de wurkdruk yn it ûnderwiis. Derneist wurde op guon skoallen eigen aksjes opsetten. "Het animo om actie te voeren is groot en blijft volgens ons groot", sa seit Hayo Bohlken fan AOb. "Het is wel zo dat het animo onder de basisschoolleraren groter is dan op de middelbare school."

It is foar it earst dat der yn it ûnderwiis twa dagen achter elkoar staakt wurdt. En neffens Bohlken is dat ek wol eat dat foar diskusje soarget. "Docenten vinden het al lastig om hun leerlingen in de steek te laten, want zo voelen ze dat echt, en om dat dan twee dagen achter elkaar te doen voelt echt niet lekker. Toch hebben we besloten de actie op te schalen, om aan te geven dat we niet bang zijn om dat te doen."

Pabû-studinten foar de klasse

Guon skoallen hawwe der derom foar keazen om op in oare wize mei te dwaan oan de aksjedagen. Sa sille yn Drachten op it Foarhûs studinten fan de pabû foar de klasse stean. En op guon oare skoallen binne alternative aksjes.

Nei ôfrin fan de aksjes is it AOb fan doel om it lân yn te gean om te praten oer de wize fan aksjefieren. "Twee dagen is natuurlijk heftig en we willen graag met onze leden in gesprek om te horen wat zij er van vonden."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer de ûnderwiisstaking

(advertinsje)
(advertinsje)