Boargertop: Fryslân moat ynsette op sûn iten en sa min mooglik fleis

20 jan 2020 - 10:23

De provinsje Fryslân moat de kommende jierren ynsette op sûn iten fan sûne grûn mei sa min mooglik fleis. Dat stiet yn it Manifest 2040 dat de Fryske boargertop snein yn Ljouwert presintearre oan deputearre Douwe Hoogland.

Rûntediskusje op de Fryske boargertop - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske boargertop is in ferfolch op de Fryske doarpetop fan 2016. Yn oktober kamen foar it earst 43 boargers - likefolle as de 43 steateleden - byinoar om mei-inoar te diskusjearjen oer it tema sûn iten. In part fan de 43 dielnimmers is yn 'e rin fan 'e tiid ôfheakke om ferskate redenen, mar de goed 30 oerbliuwers kamen mei in mienskiplik plan foar it fersterkjen fan pleatslike inisjativen op it mêd fan sûn iten fan sûne grûn.

Nije inisjativen

De dielnimmers oan de boargertop fine dat de provinsje hjir wat oan dwaan kin troch mear romte te jaan oan eksperiminten op it mêd fan sûn iten. De provinsje soe dêr in stipepunt foar ynrjochtsje kinne dy't ek startbydragen jout oan nije inisjativen. Ek yn it ûnderwiis soe struktureel omtinken jûn wurde moatte oan it tema sûn iten fan sûne grûn.

Deputearre Hoogland sprekt de dielnimmers oan de Boargertop ta - Foto: Omrop Fryslân

De boargertop is in demokraytsk eksperimint, ynspirearre troch de Fryske Doarpetop yn 2016 en de Ierske Citizens Assembly. Dat it net tafalt om 43 Friezen, dy't inoar hielendal net kenne, it iens wurde te litten oer ien manifest, hat wol bliken dien. Fan de 43 minsken dy't har yn oktober melden by de boargertop is yn 'e rin fan de tiid sa'n 40 persint ôfheakke. Sy koene har net fine yn de wize fan beslútfoarming. Oaren fûnen de boargertop-wykeinen te swier en te yntinsyf. En der wiene ek minsken dy't argewaasje hiene oer it Frysk of oer it Nederlânsk.

"Brok mei belje"

In part fan de diskusjes op de boargertop waard steand dien yn in rûnte, neffens de ideeën fan de saneamde 'deep democracy'. Wa't in foarstel docht, set in stap nei foaren. Wa't it mei him of har iens is, docht dat ek. It is in wurkwize dy't helpt om ta in beslút te kommen. De inisjatyfnimmers beskôgje de boargertop as in oanfolling op besteande demokratyske struktueren as Provinsjale Steaten en gemeenterieden. "It giet om gewoane boargers, dy't gjin partij fertsjintwurdigje. Dy kinne je sa om advys freegje", fertelt foarsitter Minicus Flapper fan de saneamde 'kearngroep'. "Brok mei my altyd belje as er in advys fan in boargertop hawwe wol."

Krityske folgers

Deputearre Douwe Hoogland wie bliid mei mei it Manifest oer 'Sûn ite fan sûne grûn'. Hy sil manifest en byhearrende tekening in prominint plak jaan op syn keamer op it provinsjehûs, sadat de foarstellen net fergetten wurde. Dy kâns sil Hoogland ek net krije, want de organisaasje en de dielnimmers fan de boargertop sille de kommende tiid kritysk folgje wat der mei de foarstellen foar 'Sûn iten fan sûne grûn' dien wurdt.

Dielnimmers Geja Droogsma en Niellen Raskeyn

Trefwurden: 
Ljouwert Fryske boargertop
(advertinsje)
(advertinsje)