Joadske slachtoffers út Twadde Wrâldoarloch krije in gesicht

"De Joadske wyk wie foar de oarloch in libbene wyk, mar hjir is neat fan oer. It is stil no: in stilte dy't net doocht. We meie de skiednis yn ús eigen stêd nea ferjitte", sa fynt sjoernalist Auke Zeldenrust. Nei de ûntdekking fan unike filmbylden fan de brulloft fan it Joadske stel Barend Boers en Mimi Dwinger yn 1939 yn Ljouwert skreau hy in boek. En der is in dokumintêrerige makke. Yn it nije teäterstik krije brulloftsgasten yn de foarstelling in gesicht.
Joadske Brulloft
Lucette van den Berg is sjongeres fan Jiddyske muzyk en docht mei oan de foarstelling. Se hat sels Joadsk bloed, mar kaam hjir pas achter doe't se 20 jier wie. "Mijn vader heeft Joods bloed en was altijd angstig om ons dit te vertellen. Hij wilde dat we een normale en blije jeugd zouden hebben. Ik vind dat je je niet moet schamen voor wie je bent en ik vind het heel jammer dat je angstig bent omdat je iets is overkomen. Mijn vader was maar vier jaar in de oorlog. Ook al zeg je niks, je draagt het toch door aan je kinderen."
Lucette fynt it moai dat dit ek yn it stik wer werom komt. "Dat je mag zijn wie je bent. Dit speelt vandaag de dag ook nog steeds."

Monumint

De Joadske mienskip bestie foar de Twadde Wrâldoarloch út 660 minsken. It grutste part, 542 minsken, hawwe de oarloch net oerlibbe. Yn it stik wurdt der foar dizze minsken in tydlik namme-monumint makke. "We willen ze eren", fertelt regisseur Silvia Andringa. "Tijdens de voorstellingen vragen we het publiek de namen op stenen bij het monument te leggen en een naam te noemen."
Harkje nei de reportaazje
De Joodse Bruiloft giet sneon 25 jannewaris yn premjêre en wurdt dan goed in wike spile. Yn april en maaie - yn 'e oanrin fan de betinking fan 75 jier befrijing- wurdt it wer opfierd.