Ald-fuotballer en fuotbaltrainer Chris de Wagt (34) ferstoarn

20 jan 2020 - 09:33

Ald-fuotballer en fuotbaltrainer is sneintemiddei Chris de Wagt ferstoarn. De Wagt wie al langere tiid slim siik. Hy is 34 jier wurden.

Chris de Wagt kaam út in echte fuotbalfamylje. Syn heit, Harm, wie jierrenlang foarsitter fan ONS Snits. Syn mem, Sytske, is noch altyd gastfrou yn 'e bestjoerskeamer. Broer Leo is jierrenlang oanfierder by it earste alvetal fan de Snitsers.

De Wagt fuotballet sels sûnt syn tolfde by Cambuur. As hy tweintich jier is makket hy syn debút yn de basis yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Yn totaal fuotballet de ferdigener fiif seizoenen foar Cambuur en spilet hy mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters. En dat wylst hy net bekend stiet as in supertalint. Chris de Wagt moat it ha fan hurd wurkjen. En dat wit hy sels mar al te goed.

Thúskomme by ONS

Nei in koart útstapke by TOP Oss is yn 2010 syn karriêre yn it betelle fuotbal klear. Chris komt thús by ONS Snits. Dêr komt hy syn broer Leo wer tsjin. It wurdt in grut sukses. Yn de jierren dat Chris by ONS fuotballet wurde de Snitsers kampioen yn 'e haadklasse en winne se de beker.

Foto: Orange Pictures

Yntusken hat hy syn trainerspapieren helle, want it is in logysk ferfolch dat hy nei syn aktive karriêre fierder giet as trainer. Syn earste klup is, hoe kin it ek oars, ONS Snits. Mar dan bellet SC Hearrenfean mei de fraach oft hy ek jeugdtrainer wurde wol. It is in dream dy't útkomt foar de dan 32-jierrige Snitser. Yn syn earste seizoen by de beloften wurdt hy daliks kampioen.

Agressive foarm fan botkanker

Yn de simmer fan 2018 komt it libben fan Chris de Wagt op syn kop te stean. Hy krijt lichaamlike klachten. Yn earste ynstânsje wurdt in melanoom konstatearre by Chris. Letter docht bliken dat hy in foarm fan botkanker hat mei de namme Ewing-sarcoom. Dat is in seldsume, agressive foarm fan kanker dy't foaral by bern foarkomt en selden by minsken fan boppe de 30.

Fia in MRI-scan yn it sikehûs sjogge de doktoaren dat der twa tumoaren yn syn beide boppeskonken sitte mei alderhande útsieddingen. Ein novimber 2019 krijt hy te hearren dat hy útbehannele is.

Foarôfgeand oan de thúswedstriid tsjin Vitesse op 29 novimber fan 2019 komme de spilers fan SC Hearrenfean it fjild op mei de namme fan Chris de Wagt op it shirt. Mei Chris oan de râne fan it fjild rinne syn beide bern, de 6-jierrige Vajenn en de 4-jierrige Novan mei de spilers it fjild op. De emoasjes brûze troch it stadion. Hearrenfean wint mei 3-2 en Johnny Jansen draacht de oerwinning op oan Chris. Ek syn âlde klup Cambuur stipet him, troch op de foto te gean mei in grut spandoek dêr't Sterkte Chris op te lêzen is.

Chris de Wagt is 34 jier wurden.

Ferslachjouwer Roelof de Vries oer Chris de Wagt

(advertinsje)
(advertinsje)