Heiten en memmen komme mei ferkearsplan foar skoallen op It Hearrenfean

20 jan 2020 - 16:20

Efkes de bern mei de auto nei skoalle ta bringe as it moarnsbetiid reint: wa docht it net? Yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean soargje al dy auto's lykwols foar ûnfeilige situaasjes foar it skoalplein. Heiten en memmen, learlingen, masters en juffens fan iepenbiere basisskoalle Het Slingertouw en kristlike basisskoalle De Burcht komme dêrom mei in eigen ferkearsplan.

Direkteur Keimpe Strikwerda fan iepenbiere basisskoalle Het Slingertouw sjocht hast alle dagen hoe't auto's, fytsers en kuierders inoar yn it paad ride en rinne. "Seker foar bern soarget de drokte foar ûnfeilige situaasjes. Ferkear komt hjir fan alle kanten. De skoallen binne op in eilân boud, wat it net sa maklik makket om by de skoallen te kommen. Seker by de saneamde 'pykmominten', krekt foar healwei njoggenen en middeis nei twa oere. It hinget ek nochris fan it waar ôf. As it reint komme der mear auto's as dat der romte is."

Ferkearsplan

Om dat probleem op te lossen, binne heiten, memmen, dosinten en de plysje om tafel sitten gien om in ferkearsplan te meitsjen. Ien fan de heiten dy't meidien hat, is heit Theo: "We zijn met alle partijen om tafel gaan zitten en hebben ouders gevraagd welke overlast ze ervaren. Op basis daarvan hebben we een plan gemaakt. Daarin staan ook gedragsregels, bijvoorbeeld dat mensen zo veel mogelijk met de fiets of te voet moeten komen."

Direkteur Keimpe Strikwerda

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De grutte fraach is fansels: wat docht de gemeente Hearrenfean mei de advizen út it ferkearsplan? Theo: "De gemeente wil deels meewerken en deels niet. Dat heeft vaak te maken met projectontwikkelaars die iets anders willen of beheerders die iets anders voor ogen hebben."

Finansjele grinzen

Sa komt der gjin ekstra fytsbrêge oan de noardkant fan it kompleks en ek it fytspaad tusken de Anna Giezenweg en de Marga Klompéweg wurdt net trochlutsen. Direkteur Strikwerda: "Us soarch is dat de bern hjir feilich komme kinne. Wy wolle ûngelokken foarkomme. De gemeente wol wol meiwurkje, mar sit benammen fêst oan finansjele grinzen."

Wat docht de gemeente mei it plan?

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)