Kollum: "Flauwekul"

"Donald Trump seit elkenien in nije ôfwaskmasine ta as er op 'e nij ferkeazen wurdt ta presidint. Ik seach it berjocht foarige wike. It earste wat yn my opkaam wie 'fake news', mar by Trump witte jo it noait. Yn syn bysûnder brein soe in bettere ôfwaskmasine ek samar in geniaal idee wêze kinne. Sykje op ynternet op ferkiezingsbeloften fan Trump en komst de meast bysûndere harsenspinsels fan de man tsjin. Mar de fraach is en bliuwt fansels oft alles wat op ynternet stiet ek echt kloppet.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ferline wike kaam op in jûntiid de âldste fan tsien mei har iPad by ús op 'e bank sitten. Se woe graach ien fan de eksperiminten dwaan dy't se yn in filmke sjoen hie. Dêrby moast in aai wiet meitsje, dêr in batterij oerhinne wriuwe, dêrnei it aai yn in glês wetter dwaan en allerhanne rommel der by yn smite. Toskepoetsguod, sâlt en wit ik al wat net mear. Dêrnei hellest it aai út it wetter en dochst de batterij yn it mingsel. Ien minút wachtsje en dan hiest - tadaaa! - in iPod.
Klinklare flauwekul fansels, mar dochs wie it de muoite fan it besykjen wol wurdich, fûn de âldste. Want it soe dochs mar it geheime resept wêze foar in iPod. Wy ha útlein dat lang net alles yn datsoarte fan filmkes echt is. Op skoalle hiene se dêr ek al les yn hân, fertelde se. Dêr krije se tsjintwurdich lessen 'Mediawijsheid'. In goeie saak, want hoe witte jo as bern no wat wier en net wier is? En wat wol en net kin online?
It Jeugdjournaal hie ferline wike in poll oer it fjoerwurkferbod. Bern mochten op de webside fan it Jeugdjournaal harren miening jaan oer it plan om knalfjoerwurk en pylken te ferbieden. En dêr waard wakker gehoar oan jûn. Hûnderten reaksjes kamen binnen fan bern dy't it flauwekul fûnen. En it bleau net by dat iene wurd. It gong folle mâler. Sa mâl sels, dat de redaksje fan it Jeugdjournaal it beslút naam om de reaksjes út te setten. Dat hiene se noch nea earder dwaan hoegd.
En it binne net allinnich bern dy't net witte hoe't se har gedrage moatte online, blykte wol út de aksje fan de kollega's fan RTV Noord, dy't op op de Grote Markt yn Grins alle ûnfatsoenlike reaksjes op harren Facebookberjochten foardroegen. It iene berjocht wie noch rasistysker as it oare. Ek dat bart allegear online. Lekker ragge en skelle. Hearlik.
Wy ha de bern noch mar ris útlein dat alles datst online setst, úteinlik nei dy te werlieden is. Dus tink trije kear nei foardatst wat post. Mar dat is fansels makliker sein as dien, want mei tsien jier binne sokke saken noch net te oersjen. Hoe soe dyn berjochtsje op Facebook of filmke op TikTok letter foar problemen soargje kinne? Dan is dat toch lang al wer fuort? No nee dus.
Ik lês mei grutte ferbjustering allerhanne berjochten oer jeugd dy't mei messen omrint, minsken bedriget, mishannelet of oerfalt. Al dy heiten en memmen sille har kapotskrikke as de plysje foar de doar stiet. It sil dyn bern mar wêze, tinkt hiel Nederlân. Mar ûndertusken is it wol goed om efkes by dysels nei te gean: witsto eins wol wat dyn bern allegear útfret? Offline, mar benammen ek online?"