Humanitas jout krante út om nije frijwilligers te lûken

20 jan 2020 - 07:18

Frijwilligersorganisaasje Humanitas yn Noardeast-Fryslân komt mei in eigen krante. De organisaasje hat in soad frijwilligers, mar kin noch wol bestjoersleden brûke. Om dêr omtinken foar te freegjen, jout de organisaasje in eigen krante út.

Kranten - Foto: Shutterstock.com

Humanitas krijt hieltyd faker fragen fan minsken om help. Dat soarget der foar dat der mear frijwilligers, mar benammen ek bestjoersleden nedich binne. "Wy ha sa'n 160 frijwilligers, mar wy moatte der op syn minst 40 by ha", fertelt foarsitter Anneke van Dellen. "Wy wolle minsken dy't ús help nedich ha, sa rap mooglik helpe. Mar wy moatte tsjintwurdich te faak sizze: 'jo moatte noch efkes wachtsje'."

Goeie saak

Mei de krante hopet Van Dellen dat minsken in better byld krije fan it wurk dat har organisaasje docht. Alle aktiviteiten fan Humanitas wurde yn de krante foar it fuotljocht brocht. Tink oan help by de administraasje en help mei lêzen. Van Dellen: "Minsken dy't dit in goeie saak fine, kinne har opjaan."

Hûs oan hûs

De earste eksimplaren fan de Humanitas-krante wurde moandeitemiddei yn Dokkum presintearre. Al mei al wurde der 25.000 eksimplaren hûs oan hûs bydel brocht.

Foarsitter Anneke van Dellen

(advertinsje)
(advertinsje)