Gemeentewurker giet konifearebrân te liif yn Drachten

20 jan 2020 - 06:25

In meiwurker fan de gemeente Smellingerlân, dy't sneintejûn fanwege de ferwachte glêdens oan it sâltstruien wie, hat mei it selde gemak in konifearebrân útmakke. Op de Klaverweide yn Drachten wie in konifear yn de brân stutsen. De meiwurker sette syn struiwein oan de kant en pakte fuortendaliks in túnslang.

Foto: De Vries Media

De brânwacht waard op de hichte steld en naam it blussen efkes letter oer. De plysje hat in buertûndersyk hâlden om de dieder fan de konifearebrân te efterheljen.

Der binne de lêste moannen in soad brannen yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)