Diskusje yn Buro de Vries; moatte wy wol of net nei Puigdemont?

FNP fraksjelieder yn de Provinsjale Steaten Corlienke de Jong fynt dat de partij framed wurdt troch tsjinstanners fan de oprop om massaal nei it optreden fan de Katalaanske politikus Carles Puigdemont te gean. Se seit it spitich te finen dat minsken tinke dat de FNP selsstannich wurde wol fan Nederlân. De Jong die yn har nijjierstaspraak fan de FNP in oprop om massaal nei it optreden fan Puigdemont op 5 febrewaris yn Neushoorn yn Ljouwert te kommen. Neffens har is de Katalaan 'in held'.
Rimmer Mulder en Nynke Beetstra oer Carles Puigdemont yn diskusje © Simone Scheffer
Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, fynt de oprop gefaarlik en fynt eins dat we hielendal net nei Puigdemont lústerje moatte. Hy hat it yn Kataloanje hielendal ferkeard oanpakt neffens Mulder en fertsjinnet it net om as held ynhelle te wurden. "Puigdemont is in held fan it ferkearde soarte. De manier wêrop hy it oanpakt hat is net goed. Ik snap dat der sympaty is foar de Katalaanske saak, mar as presidint hie hy der oars mei omgean moatten."
Nynke Beetstra, âld-foarsitter fan de FNP, fynt dat Europa op totaal ferkearde wize omgiet mei Puigdemont. Hy wurdt opjage wylst hy just die wat in grut part fan de Katalanen wol. Dat neamt Beetstra 'net demokratysk'. "Der giet in lange skiednis oan foarôf fan ûnderdrukking. It is fan kwea oant slimmer gien, mar it sintrale regear yn Madrid woe nea wat witte fan mear autonomy."
Corlienke de Jong, Rimmer Mulder en Nynke Beetstra oer de kwestje-Puigdemont
Mulder en Beetstra giene de diskusje mei inoar oan yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Corlienke de Jong lei út wêrom sy de oprop dien hie en wol absolút net dat de yndruk ûntstiet dat de FNP ek foar ôfskieding fan Fryslân wêze soe. Der is gjin sprake fan neffens har. Dat de regio mear oer harren eigen gebiet te sizzen krije moat, is neffens har wol fan belang.