Benefyt-fotoshoot yn Ljouwert foar slim sike Chantal

Yn it sintrum fan Ljouwert is sneintemiddei in benefyt-fotoshoot organisearre foar de slim sike Chantal (34) út Veendam. Chantal hat de earnstige en seldsume bynweefselsykte EDS en leit dei en nacht yn in tsjustere keamer te wachtsjen op in operaasje. It effekt fan de sykte is dat bonken samar út de kom sjitte kinne. Chantal moat dêrom dei en nacht lizze en kin ek gjin deiljocht of oare prikels ferneare.
Benefyt-fotoshoot yn Ljouwert foar slim sike Chantal
Allinnich in operaasje yn Barcelona kin Chantal helpe, mar dy wurdt net fergoede troch de fersekering en kostet sa'n 100.000 euro. Mei famylje en freonen besiket de suster fan Chantal - Angela Jonk út Ljouwert - no mei alderhande aksjes dy 100.000 euro op it kleed te krijen. En omdat se sels fotomodel is, organisearre Angela snein in benefyt-fotoshoot by de Aldehou en yn Prinsetún. Ferskate modellen en fotografen betellen om hjir oan meidwaan te meien.
Alle benefytkonserten en oare aksjes wurde yn goeie banen laat troch in spesjaal foar dit doel oprjochte stichting Chantal wil leven. Dizze stichting wol ek omtinken freegje foar de seldsume sykte dy't Chantal hat, it Ehlers Danlos Syndroom, en foar it feit dat de operaasje net troch de Nederlânske fersekering fergoede wurdt. Neffens har sus Angela hat Chantal de lêste tiid te lijen fan spasmes en in soad pine.

'Dat geld komt er en die operatie ook'

Sûnder operaasje yn Barcelona is der gjin perspektyf. Angela hellet in soad enerzjy út alle stipe dy't se krijt foar de aksje Chantal wil leven. De finansjele tuskenstân wie snein 70.000 euro. "Opgeven is geen optie. Dat geld komt er en die operatie ook."
Angela Jonk oer de ferskate aksjes foar 'Chantal wil leven'