Fjouwermansbob einiget as sechstjinde by wrâldbeker yn Innsbruck

19 jan 2020 - 15:55

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is sneintemiddei mei it Nederlânske team yn Innsbruck sechstjinde wurden by de fiifde wrâldbekerwedstriid fan it jier. It wie de tredde wedstriid yn de wrâldbeker dêr't Nederlân oan meidie.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

Veenker kaam snein yn aksje, tegearre mei piloat Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas. Yn de earste run einigen de manlju op plak tweintich. Dêrmei wiene se de lêste ploech dy't noch in twadde run dwaan mochten. Troch in goede twadde run koene Veenker en dy noch wat opskowe yn it einklassemint.

Sneon waard Veenker ek al sechstjinde yn de twamansbob.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)