Fjochtpartij tusken 'supporters' Feyenoord en Hearrenfean yn kafee yn Woerden

19 jan 2020 - 15:55

Yn in kafee yn Woerden binne sneontejûn tsientallen fuotbalsupporters op de fûst gien. Neffens de NOS siet in groep Hearrenfean-supporters yn it kafee nei de wedstriid tusken Hearrenfean en Feyenoord te sjen, doe't oanhingers fan Feyenoord de kroech ynkamen.

Nei alle gedachten giene de Feyenoorders bewust nei it kafee, doe't se hearden dat der fans fan SC Hearrenfean oanwêzich wiene. Yn it kafee ûntstie in ravaazje. Op bylden is te sjen hoe't der smiten wurdt mei barkrukken. Trije supporters moasten harren behannelje litte yn it sikehûs.

Fiif fertochten giene der mei in auto fan troch. Sy waarden trije kertier letter oanholden yn Rotterdam. Harren auto is yn beslach naam en de manlju sitte fêst. De plysje siket noch nei tsjûgen fan de fjochtpartij.

(advertinsje)
(advertinsje)