Topman Friesland Campina wol útkomst stikstofûnderhannelingen ôfwachtsje

19 jan 2020 - 14:22

Friesland Campina set yn op duorsumens en wol in "toonaangevende" molkpriis neistribje mei in goed fertsjinmodel. Dat sei topman Hein Schumacher fan Friesland Campina snein yn it programma Buitenhof. Hy wol gjin útspraken dwaan oer de oanpak fan de stikstofkrisis en eventuele halvearring fan de feesteapel sa't D66'er Tjeerd de Groot earder oppenearre.

Foto: VPRO Buitenhof

Wat Schumacher foar eagen hat is in goed fertsjinmodel. Dêrfoar wol it bedriuw safolle mooglik nije suvelprodukten op de merk bringe, lykas medyske suvel en suvel foar de farmaseutyske yndustry en foar âlde en jonge minsken.

Boeren kleie al tiden dat se te min foar de molke barre. Sa is it jierynkommen fan guon boeren 31.000 euro, hat de Wageningen Universiteit fêststeld. Boeren wolle ek mear ynsjoch yn de kosten fan de suvelkoöperaasjes en it moat dien wêze mei de tanimmende bemuoienis fan de suvelkoöperpaasje.

Planet Proof

De omfang fan de feesteapel is gjin doel op himsels, seit Schumacher. De wrâldbefolking groeit en der is hieltyd mear fraach nei suvel. Nederlân spilet dêr in grutte rol yn. Yn de rin fan de tiid is de stikstofútstjit en de CO2-útstjit ôfnaam, neffens Schuhmacher. Friesland Campina mear ferduorsumjen en sa de merk behâlde. Want as sy it net dogge, seit Schumacher, is de útstjit yn oare lannen by deselde opbringst miskien wol folle heger. In suvellabel as Planet Proof fynt Schumacher wol in goed idee. Minsken betelje dan wat mear foar de suvel, mar dan witte se wêrom't dat is.

Oer de langetermynmaatregels tsjin stikstof rinne op dit stuit ûnderhannelingen fan it kabinet mei in lânboukollektyf dat ûnder oare bestiet út de boereorganisaasjes LTO en Farmers Defence Force. Salang't de ûnderhannelingen noch rinne, wol Schumacher net yngean op foarstellen foar maatregels.

(advertinsje)
(advertinsje)