Wurk oan spoar Ljouwert-Akkrum, NS set bussen yn

19 jan 2020 - 10:44

Treinreizgers fan Ljouwert rjochting suden moatte snein rekken hâlde mei in langere reistiid. Fanwege wurk oan it spoar is der gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Akkrum. De NS set bussen yn.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De treinen tusken Akkrum en Meppel ride net mear neffens it spoarboekje, mar op oanpaste tiden. It wurk is om twa oere dien en dan is de fertraging ek foarby, sa ferwachtet spoarbehearder ProRail.

(advertinsje)
(advertinsje)