Auto by Marsum yn de sleat troch glêdens

Troch hagelbuien hawwe der yn de nacht fan sneon op snein ûngelokken west. Op ferskate plakken kamen de buien de autobestjoerders oer it mad en rekken se dêrtroch fan de dyk.
© Kappers Media
Dat wie ûnder oare it gefal op de A31 en op de Sylsterdyk by Marsum. By dat doarp glide in auto yn in bocht rjochttroch en bedarre yn de sleat. Oft der ferwûnen binne, is net bekend.
De temperatueren wiene sneontenacht om it friespunt hinne. Yn kombinaasje mei buien kin it dan gefaarlik riden wêze.