Johnny Jansen: "We hebben te weinig betekend en daar baal ik van"

18 jan 2020 - 23:08

Op besite yn de Kuip yn Rotterdam gie sportklup Hearrenfean sneontejûn mei 3-1 ûnderút tsjin Feyenoord. Yn Rotterdam krigen de Friezen in soad kânsen mar wie Feyenoord folle skerper yn it ôfrûnjen. De einstân stie al nei in heal oere op it skoareboerd.

Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin net te sprekken oer de wedstriid. "Het is leuk dat je de bal hebt, maar als je 3-0 achter staat heeft dat ook geen waarde." De trainer woe foar de wedstriid dat syn ploech lef sjen litte soe tsjin Feyenoord. "Dat hebben we gedaan vind ik. We hebben ook heel wat kansen gecreëerd. Maar het gaat om rendement, en dat is ook gewoon goed verdedigen met elkaar."

Fuotbaljend wie Hearrenfean benammen yn de earste helte net de mindere fan Feyenoord seach Jansen. "Ik denk nog steeds dat hier vandaag wat te halen viel. Maar we hebben te weinig betekend en daar baal ik van."

Ek Hicham Faik wie nei de nederlaach net tefreden oer it spul fan Hearrenfean. "Dit is niet wat we hadden gehoopt en verwacht. We hebben met z'n allen gefaald de eerste helft. Iedereen maakte fouten", sa seit de middenfjilder.

Neffens Faik wie wol bekend dat Feyenoord graach 'op de counter' spilet, mar dochs liet Hearrenfean dat gebeure. "We wisten wat ze wilden, maar we hebben ze de goals weggegeven." Faik fynt it skande dat it sa rûn is. "Ze hebben het goed afgestraft." De ploech moat no goed yn 'e spegel sjen. "De volgende wedstrijd moet het beter. We zijn verdedigend door de ondergrens gezakt. We moeten terug naar de basis, hoe we de eerste seizoenshelft hebben gespeeld."

'We geven de goals te makkelijk weg'

Ferdigener Sven Botman snapte net goed wat der mis gie by syn ploech. "We voetbalden aardig mee, maar we geven te makkelijk de goals weg. Ik wil het geen kansloze wedstrijd noemen, maar op een gegeven moment zakt het geloof in een goede afloop wel weg in die tweede helft."

Neffens Botman gie it benammen mis yn de earste helte. "Zij hebben vier kansen in de eerste helft en maken er drie. Dat is goed gedaan van hun en slecht van ons. Uiteindelijk is het een terechte nederlaag maar er had zeker meer ingezeten voor ons vandaag."

(advertinsje)
(advertinsje)