UNIS Flyers winne ek de werhelling fan de bekerfinale tsjin Nijmegen

18 jan 2020 - 22:14

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn mei 6-1 wûn fan Nijmegen Devils. Troch de oerwinning bliuwe de Flyers oan kop yn de BeNe League. Se hawwe út 12 duels no 34 punten, njoggen mear as de nûmer 2 HYC Herentals (nei 11 duels).

Ofrûne woansdei spilen de Flyers en Nijmegen noch tsjininoar yn de bekerfinale. Doe wiene de Feansters mei 5-2 te sterk. Sneontejûn iepene Adam Bezak oan de ein fan de earste perioade de skoare yn de 18e minút.

Yn de twadde perioade waard it ferskil rap grutter. Binnen tsien minuten stie it 4-0 troch goals fan Janssen, Petersen en Nordemann. Nijmegen die yn de tredde perioade wat werom troch in goal fan Eden. De Flyers hiene it lêste wurd yn de wedstriid troch goals fan Hunt en Janssen.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)
(advertinsje)