Aris is thús Weert de baas: 60-48

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn wûn fan Weert. Yn sporthal Kealledykje waard it 60-48 foar de Ljouwerters. It wie de earste kear dit seizoen dat Aris wûn fan de ploech út Limboarch.
© Eric Ennema, Omrop Fryslân
Aris ferlear yn oktober yn Limboarch noch fan Weert (74-62) en yn desimber waard it yn Ljouwert noch 80-72 yn it foardiel fan Weert. Yn it earste kwart koene beide ploegen it ferskil net meitsje. It like derop dat Weert in lyts gatsje hie, mar troch in twapunter fan Björn de Vries wie it ferskil mar twa punten yn it foardiel fan Weert (13-15).

Fjirde kwart foar Aris

Dat gatsje waard in bytsje grutter yn it twadde kwart, doe't de besikers fia Simic nei 21-29 giene. Nei it skoft wie it Aris dat werom kaam yn de wedstriid. It tredde kwart stie de ploech noch op in efterstân (36-41), mar yn it fjirde kwart makken de Ljouwerters it ferskil.
Macurczak wie ien fan de útblinkers by Aris mei 25 punten wylst Craig O. 12 rebounds pakte.