Merel Bosma en Bart de Vries op poadium by alfde KPN Maraton Cup

18 jan 2020 - 21:46

By de alfde maraton yn de KPN Maraton Cup yn Amsterdam binne Merel Bosma en Bart de Vries deryn slagge op it poadium te kommen. Sawol Bosma as De Vries waard tredde yn in sprint fan in lytse kopgroep.

Foto: Timsimaging.nl

De wedstriid by de froulju gie oer 80 rondes fan 400 meter. Yn it begjin fan de wedstriid waard er hurd riden, mei in gemiddelde snelheid fan boppe de 44 kilometer yn it oere. Yn it peloton besochten de froulju ferskate kearen om mei in groepke fuort te riden. Under oaren Marijke Groenewoud en Imke Vormeer pakten in lytse foarsprong, mar slaggen der net yn fuort te bliuwen.

Mei noch sân rondes te gean, ûntsnapte Merel Bosma fan It Hearrenfean. Sy krige Ineke Dedden en Beau Wagemaker mei. It peloton slagge der net mear yn om it trio te efterheljen. Yn de einsprint wie it Dedden dy't de winst pakte, foar Wagemaker en Bosma.

Ek in kopgroep by de manlju

By de manlju gie de maraton oer 125 rondes fan 400 meter. Tsjin de ein fan de wedstriid ûntstie der in lytse kopgroep mei ûnder oaren de bruorren Bart de Vries, Bob de Vries, en Evert Hoolwerf. Yn de einsprint wie it Hoolwerf dy't te sterk wie foar Gary Hekman. Bart de Vries waard tredde, krekt foar syn broer Bob.

Beloften

By de beloften gie de winst nei Sanne in 't Hof, dy't foar it gewest Fryslân útkomt. Fierder wie der brûns foar Chantal Oosterkamp fan Bontebok. Om't it foar de froulju de lêste maraton wie, waard ek it einklassemint bekend. Dêryn waard Oosterkamp twadde, de winst gie nei Arianna Pruisscher. Tredde yn it einklassemint is Hilde Noppert fan Skarsterbrêge.

Trefwurden: 
reedriden KPN Maraton Cup
(advertinsje)
(advertinsje)