Kânsryk Hearrenfean ûnderút tsjin effektyf Feyenoord

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-1 ferlern fan Feyenoord. Yn Rotterdam krigen de Friezen in soad kânsen mar wie Feyenoord folle skerper yn it ôfrûnjen. De einstân stie al nei in heal oere op it skoareboerd.
© Orange Pictures
Sportklup Hearrrenfean begûn de wedstriid mei in pear kânsen. Dresevic rekke de muorre by in frije traap en dêrnei besocht Mitchell van Bergen it. Syn skot waard ferwurke ta hoekskop. Gau dêrnei krige Feyenoord in kâns en it wie ek fuort raak. Steven Berghuis sette de bal fan de râne fan de sechstjin meter foar op Luis Sinisterra, dy't de bal mei in heale omhaal binnen wurke.

Kânsen Hearrenfean, doelpunten Feyenoord

Ejuke kaam tichteby de lykmakker doe't hy nei binnen luts en skeat, mar syn skot gong krekt by it doel del. Feyenoord wie dúdlik effektiver want ek it twadde skot fan de Rotterdammers gie it doel yn. Ejuke gie ûnder in foarset troch, wêrtroch Jens Toornstra oannimme koe en de bal nei Nico Jørgensen spylje koe. De spits skeat de bal tusken twa Hearrenfean-ferdigeners troch yn de fiere hoeke: 2-0.
De Deenske spits makke tsien minuten letter ek al de 3-0. De Rotterdammers krigen in hoekskop en de Feanster ferdigening joech Jørgensen alle romte om de bal it doel yn te koppen.

Veerman krijt kadotsje

Feyenoord wie sels ek lang net skerp yn de ferdigening, want it levere de bal yn it strafskopgebiet samar yn by Joey Veerman. Dy makke der optimaal gebrûk fan troch syn man út te spyljen en de bal fia de peal binnen te lizzen.
De Feansters krigen foar it skoft ek noch in grutte kâns op de oanslútingstreffer mar it skot fan Ejuke waard tsjinholden troch doelman Justin Bijlow. Efkes letter pleatste de Nigeriaan de bal in meterke neist it doel. Ek Toornstra kaam noch tichteby in doelpunt mar hy rekke de peal.
© Orange Pictures
Hearrenfean socht yn de twadde helte dúdlik nei de oanslúting mar de Friezen kamen net echt troch de Rotterdamse definsje. Faik kaam in healoere foar tiid hiel tichteby. Hy besocht de bal oer keeper Bijlow te stiften, mar de doelman koe it skot krekt rêde.
Warner Hahn die dat efkes letter ek doe't âld Hearrenfean-spiler Sam Larsson de bal prachtich oannaam en op doel skeat. De bal kaam dêrnei by Jørgensen mar ek hy skeat de bal tsjin Hahn oan.

Slotfaze

Johnny Jansen woe yn de slotfaze fan de wedstriid noch wat ôftwinge en brocht dêrom Rami Hajal en oanwinst Runar Espejord it fjild yn. Beide ynfallers krigen in kâns, mar in doelpunt siet der foar Hearrenfean net mear yn. Feyenoord krige krekt foar de ein noch in enoarme kâns doe't Dresevic de bal samar ynlevere, mar Hahn wie skerp en koe rêding bringe en sa de skea beheine ta 3-1.
Feyenoord - SC Hearrenfean 3-1 (3-1). 9. Luis Sinisterra 1-0, 17. Nico Jørgensen 2-0, 26. Jørgensen 3-0, 31. Joey Veerman 3-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Woudenberg; Faik, Veerman, Kongolo (80/Hajal); Van Bergen, Bruijn (80/Espejord), Ejuke (66/Halilovic).