LDODK wint ienfâldich fan Tempo

18 jan 2020 - 21:23

De kuorballers fan LDODK ha yn de tsiende ronde fan de Kuorbal League mei 30-17 wûn fan Tempo. De Gordyksters pakten al betiid yn in foarsprong yn in wedstriid dy't eins nea in wedstriid wie.

Foto: LDODK.nl

It duel mei Tempo út Alphen aan den Rijn stie dit seizoen foar de twadde kear op it programma. Yn novimber waard it 25-20 foar LDODK tsjin de promovendus. Sneontejûn pakten de Gordyksters yn sporthal Koartsweagen al rap in lytse foarsprong (4-1). Mei troch in moaie searje fan Marvin Piepers, dy't nei tolve minuten ynfoel foar Julian Frieswijk (ankelblessure) en fuortdaliks twa doelpunten op rige makke, rûn LDODK yn it begjin fan it duel allinnich mar fierder fuort by Tempo (11-4). Krekt foar it skoft makke Marjolijn Kroon der 14-9 fan.

LDODK oppermachtich

Yn de twadde helte slagge LDODK deryn om de foarsprong fan fiif punten sels noch wat út te wreidzjen (18-11). It ferskil waard hieltyd grutter, en mei troch doelpunten fan Friso Boode, Lieneke Pries en Eline Haan stie der úteinlik in grutte útslach op it skoareboerd (30-17).

Troch de oerwinning bliuwt LDODK twadde stean yn de Kuorbal League, achter TOP út Sassenheim. TOP hat 17 punten út tsien wedstriden, LDODK hat ien punt minder.

Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League
(advertinsje)
(advertinsje)