Follybalfroulju VC Snits sette Set-Up '65 oan de kant

De follybalfroulju fan VC Snits ha sneontejûn mei 3-0 wûn fan Set-Up '65. De setstannen wiene 25-17, 25-21 en 25-18.
© Orange Pictures
De Snitser froulju hiene it hiele duel gjin problemen mei de tsjinstanners út Ootmarsum. Al yn de earste set waard it ferskil makke en Set-Up '65 wie nea gefaarlik. By Snits wiene Iris Reinders en Roos van Wijnen de útblinkers. Beide froulju makker mear as tsien punten.

Kampioenspûl

Der stean foar de froulju fan VC Snits noch trije wedstriden op it programma yn de kompetysje. De boppeste seis ploegen kwalifisearje harren foar de kampioenspûl. Snits bliuwt troch de oerwinning foarearst fjirde.