Nyck de Vries fiifde yn Formule E race fan Santiago

Formule E koereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneontejûn as fiifde einige yn de tredde race fan it jier. Yn it Sileenske Santiago gie de winst nei de Dútser Max Günther.
© Orange Pictures
De Vries hie him sneontemiddei as achtste kwalifisearre foar de race. De race duorre 45 minuten + 1 ronde. Krekt nei de start seach De Vries de konkurrinsje foarby kommen en sakke hy nei it tsiende plak.
De Mercedes-koereur, dy't ferline jier kampioen yn de Formule 2 waard troch yn Sotsji nei de winst te riden, liet dat net op him sitte. Healwei de race helle hy syn teamgenoat, de Belch Stoffel Vandoorne yn. Dêrtroch pakte hy it sânde plak yn de race.

Ynhelrace Nyck de Vries

Mei noch ûngefear tsien minuten te riden yn de race gie De Vries de Italiaan Edoardo Mortara foarby. Net lang dêrnei passearre de Twellingeaster ek de Frânsman Jean-Eric Vergne, dy't mei technysk maleur te krijen hie, en kaam hy op it fiifde plak te riden.
De Dútser Pascal Wehrlein, dy't jierren yn de Formule 1 aktyf wie, moast in pear rondes foar de ein syn fjirde plak ôfstean oan de Vries, mar om't Nyck in tiidstraf fan fiif sekonden krigen hie, waard hy fiifde yn de einútslach.