Auto's komme oan elkoar fêst te sitten troch botsing
Op de Coopmansstrjitte yn Ljouwert binne sneontejûn twa auto's op elkoar botst. Troch de klap kamen de auto's oan elkoar fêst te sitten. In berger moast ien fan de twa weinen mei in krik omheech helje en de oare omleech triuwe om se los krije te kinnen.