Kommissaris Arno Brok iepenet fisksaak yn restaurearre sâltloads Laaksum

18 jan 2020 - 18:00

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat sneontemiddei de restaurearre sâltloads De Hang yn Laaksum offisjeel iepene. It monumint stie seis jier lyn noch op ynstoarten, mar krijt no in nije start as fisksaak.

Yn it ferline wie De Hang opslach- en wurkplak foar wol seis Iselmarfiskers. Harren nammen steane noch op de balken fan it gebou. Eigeneres Coby Smits út Starum hat jierren oan de gong west mei it regeljen fan de restauraasje en ferbouwing. "It koste in soad tiid en it wie in hiel soad wurk", fertelt Smits.

Orizjinele eleminten

Mar no is se grutsk op it resultaat. By de restauraasje binne safolle mooglik orizjinele eleminten bewarre. "We ha besocht de bûtenkant en de âlde útstrieling sa folle mooglik te behâlden. Ek fan binnen sjochst de âlde balken en de nammen fan de fiskers. Mar de stiennen binne fan no, alles is isolearre."

Smits fynt it in grutte eare dat kommisarris fan de Kening Arno Brok it gebou iepenjen komt. "Dy hawwe we net elke dei op besite. Ik fyn it hiel moai dat er dit dwaan wol."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei eigener Coby Smits

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De ynwenners fan Laaksum binne bliid dat it karakteristike gebou fan kalkstien rêden is. Mar guon minsken hawwe wol muoite mei de hoarekabestimming, want miskien is twa fisksaken te folle foar it lytste havenplak fan Nederlân. Guon hiene boppedat leaver in museum yn de loads hân.

Ed Nijpels

Iselmarfisker Jan de Vries befart al sûnt 1970, tegearre mei syn broer, de lêste fiskersskou fan Laaksum. Hy fynt dat it gebou moai opknapt is. Brok is net de earste kommissaris fan de Kening dy't Laaksum oandocht, fertelt er. "Yn 1998 wie Ed Nijpels hjir noch, foar de weriepening fan de haven."

Foar de takomst hat fisksaak De Hang mar ien winsk. Se wolle hiel graach it offisjele streekprodukt Laaksumer bot op it menu sette. Op it stuit sit der net in soad bot yn 'e Iselmar, mar mei in bytsje lok kin dat takommend jier wol wer oars wêze, seit fiskerman De Vries.

Iselmarfisker Jan de Vries oer de restauraasje fan sâltloads De Hang yn Laaksum

(advertinsje)
(advertinsje)