Bobslider Dennis Veenker sechstjinde yn Innsbruck

18 jan 2020 - 17:21

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is by de wrâldbekerwedstriden yn Innsbruck yn de twamansbob as sechstjinde einige. Yn Eastenryk sette hy, tegearre mei piloat Ivo de Bruin, benammen yn de earste run in minne prestaasje del (19e).

Foto: IBSF

Veenker en De Bruin wiene yn harren twadde run (52.92) trijehûndertste langsumer dan yn harren earste run (52.89). Dochs koene se troch dy twadde run noch in pear plakjes omheech yn it einklassemint.

Snein komt Veenker wer yn aksje yn Innsbruck, dan yn de fjouwermansbob.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)